Fûllearjen yn Ljouwert kin noch

© Omrop Fryslân
It previntyf fûllearjen yn Ljouwert komt net yn gefaar troch in negative útspraak dêroer fan it gerjochtshôf yn Amsterdam, sa tinkt de gemeente sels. It hôf yn Amsterdam bepaalde ein septimber dat dy stêd net samar bepaalde plakken oanwize mei om dêr minsken te fûllearjen. Sa wurket it previntyf fûllearjen yn Ljouwert ek.
Ljouwert hat mei de plysje en it iepenbier ministearje nei de útspraak sjoen. It soe gjin gefolgen ha.