Bearend Fridsma ferstoarn

14 okt 2005 - 10:41

Yn Michigan is woansdei Bearend Fridsma ferstoarn. Fridsma emigrearre yn 1911 út Skearnegoutum wei nei Amerika.

Hy wie heechlearaar Dútsk, mar fral promotor fan it Frysk en Fryslân. Sa hie Fridsma syn eigen krante 'Frisian News Items'. Dêrmei hâldde er de Fryske emigranten yn Amerika op 'e hichte fan wat him yn Fryslân ôfspile. Ek sette hy Fryske tsjerketsjinsten op yn syn wenplak Grand Rapids. Bearend Fridsma is 100 jier wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)