Ljouwert wol Glazen Huis

16 mrt 2012 - 11:34

Ljouwert wol takom jier besykje it Glazen Huis fan radio 3FM nei de stêd ta te heljen. Dêrta hat de gemeente in brief nei Hilversum stjoerd. It Glazen Huis is in aksje fan 3FM, wêrby't diskjockeys harren opslute yn in glêzen hûs en dêrwei programma's presentearje.

De gaststêd moat wol betelje foar it Glazen Huis. Dêrom hawwe Dordrecht en Nijmegen ôfsjoen fan kandidatuer. Sa is yn Dordrecht besifere dat de organisaasje 600.000 euro kostje sil. It is net dúdlik hoefolle oft Ljouwert meibetelje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)