Alvestêderûte wurdt befarber

14 okt 2005 - 10:10

Der kin lang om let begûn wurde mei it befarber meitsjen fan it lêste part fan de Alvestêderoute. Deputearre Steaten jouwe 750.000 euro foar it noardlike part fan de route. Dêr kin op dit stuit net fearn wurde, omdat der tefolle obstakels binne. It giet dan ûnder oare om te lege brêgen. It giet om in stik fan 20 kilometer, dêr't fyftjin brêgen ferhege of ferfongen wurde moatte.

Provinsjale Steaten nimme yn novimber in definityf beslút oer it jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)