Ferhuzing pasjinten wer útsteld

14 okt 2005 - 09:56

De ferhuzing fan fjouweren-tweintich pasjinten fan GGZ-Frjentsjer nei in nij ûnderkommen yn Harns giet wer net troch. Yn septimber waard de ferhuzing útsteld fanwege in probleem mei in fergunning.

No binne der problemen mei it systeem dat de lucht yn it gebou ferfarsket. De nijbou fan de GGZ Fryslân komt by ferpleechhûs De Batting yn Harns, ûnderdiel fan Zorggroep Noorderbreedte. De GGZ hiert de romte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)