Frjentsjerteradiel út it read

13 okt 2005 - 12:44

Frjentsjerteradiel stiet takom jier net mear ûnder kuratele by de provinsje. De gemeente hat syn jildsaken wer op oarder. Dat docht bliken út de begrutting foar takom jier, dy't tongersdei presintearre is.

Frjentsjerteradiel hâldt nei alle gedachten sels tsientûzen euro oer. Dêrby is al rekken hâlden mei djoere projekten lykas trije nije skoalgebouwen en in rûnwei oan de súdkant fan Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)