Aksje tsjin gaswinning op Waad
De Grinslanner Waadskilder Geurt Busser fiert mei oaren yn de earste wike fan novimber op Skiermûntseach aksje tsjin gaswinning op it Waad. Op Skier komme dan ministers fan ferskate lannen byinoar om te praten oer de takomst fan it Waad.
De aksjefierders sille mei boaten mei dêrop spandoeken meifarre mei de ministers. Op de spandoeken stiet 'Oneindig Wad'. Ek is der in tentoanstelling te sjen mei dy namme.
Trefwurden:
argyf