Rjochtbankfúzje helpt Frysk

Troch de fúzje fan de rjochtbanken en gerjochtshôven yn Nederlân kin tenei mear Frysk brûkt wurde yn de rjochtspraak. Sa soarget de fúzje fan de gerjochtshôven Ljouwert en Arnhem op 1 jannewaris 2013 derfoar dat yn mear as de helte fan Nederlân skriftike stikken foar de rjochtsaken yn it Frysk yntsjinne wurde meie. Foarhinne mocht dat allinnich yn Fryslân sels.
It gerjochtshôf yn Ljouwert sil ek aktiver wize op it rjocht om Frysk te brûken. Sa sil it faker neamd wurde yn de offisjele korrespondinsje en op sittings.