Winst foar Flyers tsjin Wolves

12 okt 2005 - 15:42

Yn de Coupe der Lage Landen hawwe de Vadeko Flyers mei 4-3 wûn fan de Duindam Wolves. De oerwinning waard pas yn de ferlinging behelle. Nei trije perioades wie de stân 3-3. Brent Janssen en Brad Smulders (2) skoarden yn de reguliere tiid.

Yn de overtime makke James Easter de winnende goal. De Flyers steane no fjirde yn de Coupe der Lage Landen, mei acht punten út fjouwer wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)