32 miljoen foar sintrum H'fean

© Omrop Fryslân
It westlik part fan it sintrum fan it Hearrenfean wurdt foar 32 miljoen euro opknapt. It giet om it gebiet om de Gedempte Molenwijk hinne.
De kommende jierren wurde sa'n 30 hûzen sloopt en 185 nije wenten boud. In supermerk ferdwynt en de horeka wurdt byinoar brocht yn ien gebiet. Dêr sille ek de besteande kofjeshops in plakje krije. Tiisdei binne belutsenen ynformearre. Yn 2007 moat begûn wurde mei de wurksumheden.