Renovaasje Broeretsjerke begûn

© Omrop Fryslân
Mear as 25 jier neidat it gebou troch in brân ferwoeste waard, is tiisdei begûn mei de restauraasje fan de Broeretsjerke yn Boalsert. De tsjerke krijt in nije betonflier, de gevels wurde restaurearre en der komt in glêzen oerkaping. Takom jier simmer moat it wurk klear wêze.
De Stifting Freonen fan de Broeretsjerke hat him al dy tiid ynspand foar it behâld fan de tsjerke, en heft himsels no op.