Ljouwerters bliuwe thús

12 okt 2005 - 14:44

Ljouwert is tiisdeitejûn net massaal útrûn nei de sirkustinte fan de gemeente Ljouwert op it Saailân. De Ljouwerters koene yn de tinte yn debat mei boargemaster en wethâlders fan Ljouwert.

It gemeentebestjoer hie keazen foar in sirkustinte om de drompel leech te hâlden. Dat foel dus wat ôf. Der kamen sawat santich ynwenners fan de stêd opdaagjen. Dochs sprekt boargemaster Dales fan in slagge jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)