Huntelaar skoart foar Oranje

© Omrop Fryslân
Klaas Jan Huntelaar fan Sportclub Heerenveen hat tiisdei mei ien doelpunt bijdroegen oan de oerwinning fan Jong Oranje op Jong Macedonië. It team fan Foppe de Haan wûn de kwalifikaasjewedstryd foar it EK mei 4-0. De oare trije doelpunten kamen op namme fan Romeo Castelen.
Troch dizze oerwinning is Oranje as groepswinner einige yn de poule. It is noch net dúdlik wêr't it EK hâlden wurdt.