Bitende rottweilers ôfmakke

12 okt 2005 - 10:12

Twa fan de trije rottweilers dy't ôfrûne sneon in 43-jierrige man út it Hearrenfean oanfallen en biten ha, binne troch de eigner ôfmakke. De twa hûnen hawwe in spuitsje krigen. De tredde rottweiler is moandei yn beslach nommen troch de plysje. Dy hûn is eigendom fan in man út Himmelum.

It slachtoffer rûn sneon troch de Kolkstrjitte, doe't de hûnen him te pakken namen. De man hie tweintich hechtingen nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)