Soarch minister oer Piter Jelles

© Omrop Fryslân
De minister fan ûnderwiis hat tiisdei in rapport fan 'e ynspeksje krigen oer de roasterproblemen fan skoalmienskip Piter Jelles yn Ljouwert. Sûnt it begjin fan it skoaljier is it mis mei de roasters. Learlingen krije net de lessen dêr't sy rjocht op ha en leararen witte net wêr sy oan ta binne.
Tiisdei hat de ynspeksje op besite west. Dat learlingen staakten omdat sy ûntefreden binne fynt de ynspeksje in slimme saak.