Grutte artysten sizze ôf

© Omrop Fryslân
Lytse teatersealen krije hieltyd mear te meitsjen mei ôfsizzings fan grutte artysten. Faak is de reden dy't opjûn wurdt nochal dizenich. De foarstelling soe ynienen net mear yn de spyllist passe of de technyske fasiliteiten binne net foldwaande.
It lêste argumint waard opfierd foar de annulearing fan kabaretière Sara Kroos, dy't kommende sneon nei De Treemter yn Balk komme soe. Hiel ferfelend, om't in soad minsken al kaarten kocht hawwe.