Files troch dykwurksumheden

11 okt 2005 - 21:24
Foto: Omrop Fryslân

Op de ynfalswegen nei Ljouwert is de lêste tiid sprake fan in ferkearsgaos. Benammen ferkear dat oan de eastkant de stêd ynride wol hat te krijen mei files.

Bussjauffeurs hâlde sels al rekken mei in kertier fertraging. It opûnthald hat alles te krijen mei it wurk oan de Grinzerstrjitwei dy't omboud wurdt fan 100 kilometerdyk ta stêdsdyk. Oer fiif wiken moatte de wurksumheden klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)