Fûken muskusrotten meie bliuwe

11 okt 2005 - 17:03

Wetterskip Fryslân kin foarearst gewoan trochgean mei it fangen fan muskusrotten, mei de help fan fûken. De miljeukommisje fan it Europeesk Parlemint hat strangere regels foar de fûken hast unanym fan de hân wiisd.

De muskusrotten komme yn de fûken troch ferdrinking om it libben. PvdA-Europarlemintariër Corbey woe dizze wize fan fangen dêrom ferbiede. 70 persint fan de muskusrotten wurdt mei fûken fongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)