Lêsten ûndernimmers omheech

© Omrop Fryslân
Fryske ûndernimmers ha dit jier op 'e nij te krijen mei hegere lokale lêsten. Dat docht bliken út in rapport fan de Keamer fan Keaphannel. Benammen ûndernimmers yn de Súdwesthoeke kinne in folle hegere rekken fan de ûnreplik guod belesting, de OZB, temjitte sjen. De Keamer fan Keaphannel hat it rapport ferspraat ûnder alle gemeenten en ferienings fan ûndernimmers yn Fryslân. It rapport kin brûkt wurde as basis foar de ûnderlinge besprekkings.