Earepenning foar Muzyk Corps

11 okt 2005 - 10:32

It Heerenveens Muziek Corps hat in Keninklike Earepenning krigen foar it 100-jierrich bestean. Boargemaster De Jonge hat de penning útrikt. In Keninklike Earepenning is te fergelykjen mei in Keninklike Underskieding, mar dan foar ferienings of ynstellings.

It Heerenveens Muziek Corps is op 17 febrewaris 1905 ûntstien út twa muzykferienings. It Corps hat sa'n 73 leden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)