Wetterskip knapt mear kades op

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân heget mear oevers en kaden op foar deselde priis. Dit jier sil der 20 miljoen euro ynfestearre wurde yn it projekt Oevers en Kaden. Sa 'n bytsje alle diken dy 't frij foar de Fryske boezem lizze, moatte de kommende jierren opknapt en opheege wurde.
Foar de 20 miljoen euro dy 't der dit jier ynstutsen wurdt, sil der mear as 100 kilometer dyk oanpakt wurde. En dat is mear as ferwachte.