SCO útskeakele

© Omrop Fryslân
Kuorbalferiening SCO út Aldeholtpea hat him net pleatst foar de kampioenskipspoule. Yn de lêste wedstriid yn de haadklasse B ferlear SCO mei 12-7 fan Die Haghe út Den Haach.
Troch dy oerwinning fan Die Haghe waard de Haachse ploech mei seis punten twadde. SCO waard tredde mei fjouwer punten en dat is net genôch foar in plak yn de kampioenskipspoule.