Fryske boeken populêr yn doarpen

© Omrop Fryslân
In opfallend ferskynsel yn de Sutelaksje fan stifting It Fryske Boek is dat benammen yn de lytsere doarpen Fryske boeken goed ferkocht wurde. De measte doarpen ha in hegere opbringst as de prognoazes oanjouwe.
De grutte plakken bliuwe in bytsje achter, op in pear útsûnderingen nei. Yn Easterwierrum, Jorwert en Skearnegoutum berikten de sutelders in nije mylpeal fan 150.000 euro. De omset nei 4 wike suteljen is 169.500 euro.