Unike oanpak yn Jouster wyk

© Omrop Fryslân
De bewenners fan de wyk Zuiderveld op De Jouwer binne tige te sprekken oer de wize wêrop har wyk yn de ôfrûne moannen oanpakt is. Yn de wyk wie sprake fan in unike gearwurking tusken gemeente, wenningbouferiening en bewenners.
De bewenners waarden mear as gebrûklik belutsen by it meitsjen fan plannen. Neffens de wykferiening is it dêrtroch slagge 98% fan har winsken útfierd te krijen. De gemeente sil no mooglik ek yn oare wiken foar deselde oanpak kieze.