Zonderland wis fan WK turnjen
Epke Zonderland fan De Lemmer hat him pleatst foar it wrâldkampioenskip turnjen. Zonderland helle op It Hearrenfean by de earste kwalifikaasjewedstriid de noarm op de mearkamp, mei in persoanlik rekôr fan 53,950 punten.
De wrâldkampioenskippen binne ein novimber yn it Australyske Melbourne. Ek Jeffrey Wammes pleatste him snein foar it WK.