Kij yn 'e greide troch kontrakt

© Omrop Fryslân
Fiif molkfeehâlders yn de gemeente Achtkarspelen ûndertekenje meikoarten in kontrakt, wêryn't se har ferplichtsje har kij ek yn de takomst bûtendoar rinne te litten. De fiif dogge dat yn gearwurking mei it bedriuwslibben.
It kontrakt wurdt ûndertekene yn it bywêzen fan CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma. Dy hat der foar pleite feehâlders in fergoeding te jaan at se har kij bûtendoar rinne litte.