Opsterlân: 1 miljoen foar kanaal

© Omrop Fryslân
It kolleezje fan B&W fan de gemeente Opsterlân wol 1 miljoen euro frijmeitsje foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal tusken Nij Beets en de Feanhoop. It jild is nedich om brêgen te ferheegjen, nije brêgen te bouwen en oanlisplakken te meitsjen.
It Polderhoofdkanaal wurdt dêrmei wer in trochgeande farrûte. It kanaal is 7,5 kilometer lang. It grutste part leit yn de gemeente Opsterlân. Smellingerlân wol acht ton bydrage.