Tredde nederlaach foar Snits

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits hat foar de tredde keer op rige ferlern. Yn Snits wie SV Babberich de bettere ploech troch mei 2-3 te winnen. Snits hat no nei seis wedstriden njoggen punten.
De Jouwer hat in punt pakt tsjin koprinner Achilles '29 út Groesbeek. Oane Hornstra makke nei in 1-0 efterstân de lykmakker. De Jouwer hat no sân punten út seis wedstriden.