Ynbraak yn Menaam

10 okt 2005 - 07:22
Foto: Omrop Fryslân

Unbekenden ha sneontemiddei ynbrutsen yn in wenning oan de Ryksstrjitwei by Menaam. De ynbrekkers kamen deryn troch in rút yn te slaan. De hiele wenning waard trochsocht en der binne in pear sieraden stellen.

De 53-jierrige bewenster hat oanjefte dien by de plysje. De technyske resjerzje sil in ûndersyk dwaan nei de ynbraak.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)