Mishanneling op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige ynwenner fan Sint Jansgea is sneintemoarn betiid mishannele yn in hoarekagelegenheid oan de Vleesmarkt op It Hearrenfean. De 16-jierrige sei der wat fan doe't in freondinne fan him lestichfallen waard troch in 22-jierrige Feanster.
Dêrop krige it slachtoffer in bierglês yn it gesicht. Hy hie in bliedende wûn by it each en syn kaak wie opswold. De fertochte is troch de plysje oanhâlden en oerbrocht nei it buro.