Snitser (24) mishannele

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige Snitser hat sneintemoarn betiid in klap hân fan in man, dy't him yn in groep ophold. Dat barde yn de omkriten fan de Nauwe Noordehorne yn Snits. It slachtoffer hat flak dêrnei oanjefte dien by de plysje.
Op oanwizing fan it slachtoffer koe de plysje even letter de fertochte, in 20-jierrige ynwenner fan Snits, oanhâlde en oerbringe nei it buro. De fertochte ferklearre dat syn freon rúzje hie mei it slachtoffer.