Aris ferliest fan MPC Capitals

09 okt 2005 - 16:53

De Ljouwerter basketbalploech Aris hat syn earste kompetysjewedstryd fan dit seizoen ferlern. Yn Grins waard it tsjin MPC Capitals 88-81.

It foarige seizoen begûn Aris ek mei in wedstryd tsjin Capitals, doe waard noch wûn. Dit kear hie Aris in soad nije spilers yn it fjild. Fan de ploech fan ferline jier binne noch mar trije spilers oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)