Undersyk oarsaak treinûngelok

09 okt 2005 - 16:42

De oarsaak fan it treinûngelok sneon op it stasjon yn Ljouwert leit neffens de plysje yn in technysk mankemint oan de trein. Wat der krekt mis is wurdt noch ûndersocht. By it ûngelok binne fiif ynsittenden ferwûne rekke, fjouwer fan har moasten nei it sikehûs.

De intercity Swolle-Ljouwert ried sneon mei te folle gong it stasjon yn en fleach dêrby tsjin in stjitblok. It blok skeat troch de klap in meter fan syn plak, it perron waard net rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)