Valk en Alleman hâlde op by ONS
Marcel Valk en Hans Alleman hâlde oan de ein fan dit seizoen op as trainers fan sneonhaadklasser ONS Snits. Dat hawwe de twa it bestjoer fan de fuotbalclub witte litten. Hans Alleman is dwaande mei syn sânde seizoen by ONS Snits, Marcel Valk mei syn sechde.
De twa fine dat it tiid wurdt foar in nije trainer. It bestjoer fan ONS besiket dy op koarte termyn te finen. Marcel Valk en Hans Alleman wolle tegearre nei in oare club.