Palet wol website út de loft ha

09 okt 2005 - 09:31

Palet wol in website, dêr't de soarchynstelling op beskuldige wurdt net goed om te gean mei legionella, út de loft ha. De website is makke troch meiwurkers fan Palet, dy't fine dat Palet net genôch docht by besmettings.

Palet seit altyd soarchfâldich mei meldings fan legionellabesmetting om te gean. De soarchynstelling hat dêrom de meiwurkers opdroegen de website binnen trije dagen fuort te heljen. Dogge se dat net dan stapt Palet nei de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)