Jong Oranje wint fan Tsjechië
It Jong Oranje fan bûnscoach Foppe de Haan hat him pleatst foar de play-offs foar it Europees Kampioenskip 2006. Nederlân wûn mei 2-4 yn en fan Tsjechië, neidat it earst noch mei 2-0 achter stie.
Klaas Jan Huntelaar fan SC Hearrenfean makke ien doelpunt foar Jong Oranje. Ek in oare Hearrenfean-spiler, keeper Boy Waterman, die de hiele wedstryd mei.