VNO-NCW: "Museum needsaak"

© Omrop Fryslân
Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW-Noord hat him mingd yn de diskusje oer in nij Fries Museum. Sa'n museum op it Saailân yn Ljouwert is op ekonomysk mêd in stimulans foar de regio, seit VNO-NCW.
De provinsje en de gemeente moatte gau mei jild oer de brêge komme om de nijbou mooglik te meitsjen. Dat is needsaaklik om Ljouwert better op de kaart te setten yn de regio, om de konkurrinsje yn it noarden oan te kinnen, seit VNO-NCW.