Ierdewurk-útstalling súksesfol

08 okt 2005 - 11:48

De útstalling 400 jaar Fries Aardewerk Steengoed, dy't fan 't simmer yn fiif Fryske musea te sjen wie, hat in súkses west. Meielkoar hawwe sa'n 30.000 minsken de útstallingen besocht. Neffens gearstaller Hugo ter Avest hat ek de gearwurking tusken de fiif musea tige goed foldien. Yn de takomst is in fierdere gearwurking tusken de fiif musea dan ek seker net útsletten.

De lêsbrief oer Frysk Ierdewurk wie neffens Ter Avest minder súksesfol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)