Cambuur-De Graafschap: 1-1
Cambuur Ljouwert hat freed yn eigen stadion gelyk spile tsjin De Graafschap. Cambuur kaam in de fyfde minuut op foarsprong troch in goal fan Bovar Karim. Yn de 15e minuut wie it Dave Bus dy't foar De Graafschap de gelykmakker der yn kopte.
Cambuur hat no 12 punten út 12 wedstriden. De club stiet dêrmei op it 14e plak yn de kompetysje. Nije wike sneon moat Cambuur in útwedstryd spylje tsjin FC Omniworld.