Schouwenaar assistint Wesseling
De 48-jierrige âld-spiler Gerrie Schouwenaar wurdt assistint-trener by Cambuur. Schouwenaar wie al yn fêste tsjinst by Cambuur as kommersjele man, assistint-trener fan Rob McDonald en it lêste jier as jeugdtrener en teammanager fan 'e A-seleksje.
Fan 1977 oant 1987 spile Schouwenaar yn it earste. De funksje fan assistint fan haadtrener Wesseling hat lang omstriden west. Jan Schulting hie belangstelling, mar Wesseling woe him net.
Trefwurden:
argyf