Moard kafeebaas rekonstruearre

© Omrop Fryslân
Der komt in rekonstruksje fan de gewelddiedige dea fan de 54-jierrige kafeebaas De Jong yn Ljouwert. Dat hat de rjochtbank tiisdei bepaald. Doe kamen de trije Marokkaanse fertochten foar. De âldste soe de man yn 'e hals stutsen hawwe.
Justysje wol de trije manlju like swier straffe. De haadfertochte wol mei in rekonstruksje dúdlik meitsje dat it deastekken fan De Jong in ûngelok wie.