'Net mear winkels sintrum Grou'

© Omrop Fryslân
De middenstân fan Grou hat de gemeente Boarnsterhim in brânbrief skreaun oer it weromrinnend tal minsken dat yn it sintrum fan Grou boadskippen docht. De weromgong begûn koart nei de bou fan in nij winkelsintrum mei twa supermerken oan de râne fan it sintrum.
De ûndernimmers wolle net dat der mear winkels bykomme dy't de middenstân yn it sintrum fuortkonkurrearret. Boppedat is it sintrum fan Grou ta oan in grutte opknapbeurt, fine se.