'Oerlêst koffeeshops beheine'

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns moat mear ûndernimme om de oerlêst troch drank- en drugsgebrûk fan jongerein te beheinen. Der wurdt meinammen in protte kleid troch bewenners yn de omjouwing fan de Ingelse tún en de twa koffeeshops. De minsken doare jûns amper mear de tún yn omdat der in protte jongeren ombongelje en drank en drugs gebrûke.
Sluten fan de koffeeshops is gjin opsje, want de iene hat in fergunning en de oare wurdt gedoogd.