Harkemase Boys lûkt Lier oan

© Omrop Fryslân
Middenfjilder Steven Lier fan Cambuur spilet it kommende seizoen foar de Harkemase Boys. Lier tekene moandei in kontrakt dat him foar langere tiid bynt oan de klub dy't ferline wike njoggen spilers ferlear.
Ek Erdim Yeni spilet it kommende seizoen foar Harkemase Boys. Yeni kaam it ôfrûne seizoen oer fan in Grykse klub. Hy wol eins nei it betelle fuotbal, mar bliuwt foarearst by Harkemase Boys.