Automatyske trekkenwand yn Lawei

© Omrop Fryslân
Yn De Lawei yn Drachten is begûn mei it fuortheljen fan de âlde trekkenwand út de grutte seal. De trekken dêr't dekorstikken oanhingje, waarden oant no ta mei de hân betsjinne. Dat mei net mear fan de arbo-wet om't it te swier wurk is.
Foar 3,5 miljoen euro komt der no in nije automatyske trekkenwand dy't mei de kompjûter betsjinne wurdt. Foar de nije wand wurdt de toanieltoer fan De Lawei twa meter ferhege.