Nije eilanners hâlde problemen

© Omrop Fryslân
Nijkommers op de waadeilannen komme faker mei problemen by de maatskiplik wurker as gebrûklik. Dat seit direkteur Postumus fan stichting maatskiplik wurk Fryslân.
In soad fan dy nijkommers ferhûzje nei de waadeilannen om harren problemen achter harren te litten. Dat is lykwols noch net sa maklik. It helpen fan dizze minksen kostet it maatskiplik wurk in soad ekstra jild en tiid. Postumus kloppet dêrom by de gemeenten oan.