Bisten mei blaaspiip ferdôvje

30 maaie 2005 - 21:18

De Fryske plysje hat in nije ferdôvingsmetoade tsjin agressive bisten. Ynstee fan in ferdôvingsgewear wurdt tenei in blaaspiip brûkt. Datsoarte pipen binne no yn gebrûk by bistedokters.

It ferdôvingsgewear fan de plysje sjit te hurd op koarte ôfstân. Koartlyn noch waarden sa noch twa hûnen deasketten. De hûnebegelieders fan de plysje hawwe derom no in blaaspiip krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)