Mear huzen boud yn 2005

© Omrop Fryslân
Yn it earste kwartaal fan 2005 binne yn Fryslân goed 20 persint mear huzen boud as yn deselde perioade ferline jier. Dat docht blyken út ûndersyk troch it Centraal Bureau voor de Statistiek.
Mei sawat 60 huzen ekstra op in totaal fan 350 is de groei yn Fryslân grutter as yn de rest fan Nederlân. It tal ferliende boufergunnings is wol lytser as ferline jier: fan 571 yn 2004 nei 526 yn it earste kwartaal fan dit jier.