Twa Fryske famkes spylje Annie

© Omrop Fryslân
Twa Fryske famkes binne útkeazen foar de rol fan Annie yn de musical mei deselde namme. It giet om Esmee de Boer út Wurdum en Marieke Swart út St. Anne. Yn Laren waarden juster de lêste audysjes holden. Foar de sjuery moasten de famkes ferskes út de musical sjonge.
1800 famkes hiene har ynskreaun foar de rol as Annie. Tsien fan har binne útkeazen. Seis oare Fryske famkes spylje de rol fan weesbern.