Werk Dantumadeel hâldt op

30 maaie 2005 - 15:01

De Stichting Werk Dantumadeel hâldt mei yngong fan 2006 op te bestean. By de stichting wurkje 24 minsken. Dy besykje wurkleazen oan in baan te helpen. De oarsaak fan it ophâlden leit yn it feroarjen fan wetjouwing en besunigings fan de gemeente.

De stichting hat yntusken in buro ynskeakele om it opheffen ôf te hanneljen. It buro besiket dêrby de taken en de wurknimmers ûnder te bringen by oare organisaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)